Twa manlju falle portier oan yn Ljouwert en wurde oppakt

02 feb 2018 - 11:05

De plysje hat freedtenacht twa manlju fan 23 jier út Ljouwert en Amsterdam oanholden foar it fersteuren fan de iepenbiere oarder. De twa wiene in hoarekasaak oan it Ruterskertier útset. Dêrop foelen se de portier oan. It is de manlju ferbean om dit wykein de Ljouwerter binnenstêd yn te gean.

(advertinsje)