Jan Smeekens draacht flagge yn Súd-Koreä: "Een enorme eer"

02 feb 2018 - 10:56
  • Jan Smeekens

Sprinter Jan Smeekens mei út namme fan Nederlân de flagge drage by de iepeningsseremoanje fan de Olympyske Spelen yn Súd-Koreä. Dat hat TeamNL freed bekendmakke. De iepening is oare wike freed yn Pyeongchang.

Smeekens, ynwenner fan Snits, wûn by de Spelen fan 2014 sulver op de 500 meter. Hy tocht dat er goud hie, mar kaam tolvetûzenste tekoart. Michel Mulder wûn doe yn Sotchi it goud. Smeekens waard ferline jier wrâldkampioen op de 500 meter.

Foar Smeekens is it in eare om de flagge te dragen, sa seit er. "Ik heb geen moment getwijfeld. Ik vind het een enorme eer en het geeft me een gevoel van waardering voor wie ik ben en wat ik doe."

Chef de mission Jeroen Bijl oer de kar foar Smeekens: "Jan is een uniek sportman. Als eerste Nederlandse wereldkampioen op de 500 meter, een afstand die jarenlang door andere landen werd gedomineerd. Zijn verhaal uit Sotsji is bekend. Jan dacht daar heel even olympisch kampioen te zijn. Vervolgens bleek het goud voor zijn landgenoot Michel Mulder. Ik heb diep respect voor de wijze waarop Jan daar in Sotsji en de jaren daarna mee is omgegaan."

De iepeningsseremoanje yn it Olympysk Stadion begjint om acht oere jûns, Súd-Koreaanske tiid. Yn Nederlân is it dan tolve oere middeis.

(advertinsje)