Diskriminaasje troch útstjoerburo's: "Verboden en strafbaar"

02 feb 2018 - 10:37

Nederlanners mei in migraasje-eftergrûn wurde diskriminearre troch útstjoerburo's. Dat blykt út in ûndersyk fan it telefyzjeprogramma Radar, earder dizze wike. Yn it programma wie te sjen dat hast de helte fan alle útstjoerburo's him lient foar diskriminaasje, as bedriuwen dêr om freegje.

Ek yn Fryslân diskriminearje útstjoerburo's op basis fan ôfkomst. Foar diskriminaasjemeldpunt Tûmba is dat âld nijs. Mirka Antolović, direkteur fan Tûmba, seit dat it probleem al seker tsien jier bestiet. "Het is een constant probleem", fertelt se.

Antolović wit ek wêr't de oplossing socht wurde moat. "Er kunnen verschillende wegen bewandeld worden. Allereerst moet de wil om te veranderen aanwezig zijn en moeten werkgevers bewust zijn van dit probleem. Discriminatie is gewoon verboden. Je bent in strijd met de wet en dus strafbaar."

(advertinsje)