Parkontbijt opnij ferskood

13 jun 2012 - 20:03

It sit de organisaasje fan it Harlinger Parkontbijt net mei. It evenemint moat foar de twadde kear dit jier ferskood wurde. Neidat it op 2 juny net trochgean koe fanwege min waar, doart de organisaasje it om dyselde reden kommende sneon ek net oan. It parkmoarnsbrochje sil no hâlden wurde op 30 juny.

It is it tredde jier dat it parkmoarnsbrochje hâlden wurdt. Ek by de foarige twa fersys moast it in tal kearen ferskood wurde.

(advertinsje)