Drûchte yn Kaapstêd: "Fytse nei it wurk en dan dûse yn see"

02 feb 2018 - 11:53

Noch nea wie it sa drûch yn Súd-Afrika as no. Al trije jier hat it dêr frijwol net reind, de wetterfoarrieden binne hast op en as it sa trochgiet komt der yn april gjin drip mear út de kraan. Sûnt dizze wike binne der nije, strange regels fan krêft, dy't derfoar soargje moatte dat der gjin wetter mear fergriemd wurdt.

Sierd van der Bij wennet al in tal jierren yn Súd-Afrika en ek hy fernimt de gefolgen yn syn deistich libben. Van der Bij wennet yn Kaapstêd, dat op dit stuit it sintrum fan alle problemen is. Dit komt fansels troch de drûchte, mar ek troch in grut ferskaat oan oare redenen, sa fertelt Van der Bij: "Der hat in aardige tarin oan minsken west yn de lêste jierren. Dat yn kombinaasje mei minne polityk en it neilitten fan it modernisearjen fan de ynfrastruktuer soarget der no foar dat wy mooglik yn april al gjin druppel wetter mear út de kraan krije kinne."

"It begjint spannend te wurden"

Yn de lêste jierren is der wol besocht om it wetterprobleem foar te wêzen, bygelyks mei it ynfieren fan strangere regels. "Dat begûn twa jier lyn mei nivo ien. Op dit stuit binne wy al oanbedarre by nivo seis B." Nivo seis B betsjut yn de praktyk dat de Súd-Afrikanen fyftich liter wetter de man deis brûke meie. Gewoanwei sit in gemiddeld persoan op 200 liter de man deis, "dus dan is fyftich net in hiel soad, en dus begjint it wol spannend te wurden."

In gelok by in ûngelok foar Van der Bij is dat er net al te fier fan de see ôf wennet. "Ik fyts alle dagen nei it wurk, en spring dêr eefkes fluch it wetter yn." De drûchte en it maksimum tal liters dat brûkt wurde mei betsjut nammentlik ek dat de minsken minder faak dûse kinne. Dochs fynt Van der Bij net dat de minsken no fuortendaliks allegearre stjonke. Mar op strjitte kinst it gebrek oan wetter sa stadichoan wol rûke. "De strjitten wurde net skjinspield, en dat kin benammen no yn de simmer wol foar problemen soargje."

Striid om wetter

Der is yn it ferline wolris sein dat wetter yn de takomst de haadreden wêze sil foar spanning yn de wrâld, en ek yn Súd-Afrika is der in spanning te fernimmen, sa seit Van der Bij. "De eangst begjint no te kommen. It is in stêd fan 4 miljoen ynwenners, dy't as in metropoal wurket."

It lân is ferneamd foar har pynlike skiednis mei de apartheid. Dizze polityk is al in skoft foarby, mar dochs is der neffens Van der Bij stadichoan in oare ferdieling te sjen yn de maatskippij. "Yn stee dat it no swart/wyt is, is it no earm/ryk. Sa sizze de riken no faak dat de earmen de kraan hieltyd iepen hawwe wylst de stêd dochs hieltyd oantoant dat it grutste ferbrûk dochs yn de rike wiken fan de stêd sit. By de minsken mei de swimbaden en it personiel. Dat hat syn effekt wol."

Oars tinke oer wetter

Sierd van der Bij sjocht lykwols ek wol positive kanten oan de krisis: "It is nijsgjirrich want je leare op in hiel oare wize mei wetter om te gean. Sa komme je der bygelyks ynienen achter dat de reinpipen by jo hûs net yn in tonne útkomme, mar gewoan op strjitte."

(advertinsje)