Kollum: "Bloedmoanne"

De toan fan Hilda Talsma

"Ik kaam in âld reklamefilmke tsjin fan Libresse. Allegearre stoere froulju mei bloednoazen en oare bluodderige plakken op it liif diene ferskate sporten lykas ballet, rugby, bokse, skate en hurddrave en gjin bloed soe har tsjinhâlde.

Se litte yn soksoarte reklames altyd hiele aktive of fleurige froulju sjen dy't laitsjend en fluitsjend troch it libben gean as se ûngesteld binne. Yn jurkjes, koarte of wite broeken en wit ik wat mear. Mar ik fyn sokke reklames net hiel realistysk omdat der in hiele soad froulju binne dy't amper foarút komme kinne as it wer safier is.

Ik praat út eigen ûnderfining, mar ik wit ek dat in lange rige klachten by in hiel soad froulju op besite komme. It kin wol in wike duorje foardat de diken trochbrekke, mar dan al begjinne de fretbuien, de seare rêch, pynlike boarsten en in opsette búk. Kinst knap segrinich wêze, eltsenien wol tsjin 'e harsens slaan wolle of bist krekt hiel emosjoneel, mei dysels oan en hast totaal gjin enerzjy.

Op it momint dat de floedweach los komt, kinne guon froulju de earste dagen better mar yn 'e buert fan in wc bliuwe om't se har sawat om it oere ferskjinje moatte en dan mar hoopje dat de skea beheind bliuwt. Dit is bepaald net de tiid om yn it koart rokje of wite broek ta de nacht út op stap te gean of om hiel galant in balletfoarstelling te dûnsjen. Dochs hawwe je net altyd in kar want de show moat trochgean en dan moatte je der op fertrouwe dat alle maatregels dy't je troffen hawwe, helpe.

Dat is dus net altyd sa. En dat binne faak mominten dat je wol toch de grûn sakje wolle fan skamte. It kin barre as je bygelyks yn 'e rige by de kassa stean en dan ynienen it bloed tusken de skonken sipeljen fiele. Mar op dat momint is it al te let en dêrom is it moai dat de measte winkels tsjinwurdich in wc foar klanten hawwe. Der is ek in filmke fan in yogalearares dy't trochlekt. Har wite broek wurdt read wylst se de skonken wiid hat en se hat dit filmke mei opsetsin op Instagram setten omdat se der flau fan is dat we der altyd sa stikem oer dogge, wylst it sa faak bart.

Yn guon kultueren wurde froulju en famkes ferballe as se ûngesteld binne. Sa haw ik ris in útstjoering fan 'Spuiten en slikken' sjoen mei Sophie Hilbrand. Yn Nepal skynt it yn guon doarpen noch gewoan te wêzen dat de froulju sûnder tekkens yn 'e kjeld by de kij yn 'e stâl bliuwe moatte en it wie minske-ûntearjend om te sjen. Mar der wurdt ek wol sein dat de froulju har eartiids sels weromlutsen as de reade flage út koe omdat it goed is om dan efkes in stapke werom te dwaan.

Sa fiel ik dat ek. It is in perioade dat ik it leafste thús bin. Gjin drokte en gedoch. Gjin gepraat en sosjale ferplichtings mar efkes tiid foar josels. It probleem is allinnich dat soks net altyd kin want ús maatskippij is dêr net op ynsteld. Dêr soene se better reklame foar meitsje kinne! Ik haw ek noch nea in reklamefilmke sjoen dat in frommes op 'e fyts sit te flokken omdat it moanneferbân dûbelteard is sadat de plakstrip feninich oan it hier lûkt.

Of dat immen op Pinkpop oates en toates nei sa'n goare dixie moat dêr't it behelpen is of mei pinebúk op 'e bank leit te krepearjen. Fansels binne tampons en moanneferbân in útkomst mar se kinne wat my oanbelanget wol ophâlde mei dy kutreklames."

02 feb 2018 - 7:41
(advertinsje)