Mei 192 oer Ofslútdyk

13 jun 2012 - 19:53

De plysje hat tiisdei by in ferkearskontrôle op de Ofslútdyk in bestjoerder betrape dy't 192 kilometer yn de oere ried, wylst er mar 120 mocht. De bestjoerder moast fanwege de oertrêding syn rydbewiis ynleverje en krige ek in proses-ferbaal. Dat wie der ek foar santjin oare bestjoerders. Fjouwer fan har rieden ek te hurd, trije rieden net feilich en de oare njoggen bellen net handsfree.

De kontrôle waard hâlden yn gearwurking mei de Grinslanner plysje en it KLPD, en makket diel út fan it projekt 'A7 Veilig'.

(advertinsje)