Ried fan Steat bûcht him oer it wynpark op de Iselmar

02 feb 2018 - 06:43

Fûgels, silers, toeristen, wettersportûndernimmers, natuerleafhawwers; sy sille allegearre in protte lêst krije fan it takomstige wynpark yn de Iselmar. Dat docht neffens tsjinstanners bliken út de oerheidsûndersiken dy't der no lizze. Yn in rjochtsaak tongersdei by de Ried fan Steat yn Den Haach hawwe tsjinstanners beswier makke tsjin de komst fan it wynpark.

Op sa'n seis kilometer fan it strân yn Makkum moatte 89 wynturbines fan 150 meter heech komme. Wettersportûndernimmers binne benaud dat harren silers, surfers en toeristen de wettersport rûnom it wynpark mije sille, wêrtroch't se omset misrinne. It Fryske Gea makket him soargen oer it wolwêzen fan fûgels yn it gebiet. 

De Ried fan Steat sil him de kommende tiid bûge oer de saak, en docht oer tolve wiken útspraak. 
 

(advertinsje)