Noed oer werynrjochtingsplannen 'De Markt'

02 feb 2018 - 06:28

De SP yn Smellingerlân makket har drok om de werynrjochting fan 'de Markt'. De gemeentlike plannen foar de werynrjochting fan it parkearterrein yn Drachten soargje foar ûnrêst by ûndernimmers. De SP hat sinjalen opfongen dat ûndernimmers troch de útfier fan de nije ferkearssitewaasje yn de problemen komme.

Undernimmer Eddy Laurens fielt him bygelyks net heard, ek al hawwe der ferskate petearen mei de gemeente west. "Met de huidige plannen wordt de normale bedrijfsvoering bijna onmogelijk", fynt Laurens. Dêrom sil de SP freed mei bewenners en ûndernimmers yn de buert fan de Markt yn petear oer dizze sitewaasje.
 

(advertinsje)