Sonac ferheget kosten foar opheljen kadavers

01 feb 2018 - 23:06

De tariven fan Sonac om kadavers op te heljen gean mei sa'n 30 prosint omheech. Ek al is der in delgong fan de kosten foar it opheljen en ferwurkjen fan deade bisten. It opheljen fan bygelyks in ko sil no goed seis euro mear kostje.

Neffens direkteur Sjors Beerendonk fan Sonac binne hjir twa redenen foar. De produkten dy't de Sonac makket fan deade bisten, sa as bistemoal en -fet, binne op 'e merk minder wurdich wurden. Dêrneist moatte de tekoarten fan ôfrûne jierren foar it opheljen fan bisten ferrekkene wurde. Yn 2015 hat Sonac in soad tekoarten oprûn.

Foar de boeren is sa'n stiging 'nooit leuk', seit LTO Noord-bestjoerder Dirk Bruins. Mar se ha by LTO Noord net in soad reaksjes fan boeren krigen op dit nijs. Bruins sil yn maart wol yn petear gean mei Sonac om te sjen oft der mooglikheden binne om de tariven yn de takomst bliuwend leech te hâlden.

Sonac wie it eardere Rendac. Alle kadaverferwurking bart yn Son by Rendac BV.



 

Trefwurden: 
kadaver djoerder Sonac
(advertinsje)