Skotske heechlanners wurde útset by Feanwâlden

Steatsboskbehear sil nije wike moandei Skotske heechlanners útsette yn natuergebiet Houtwiel tusken Feanwâlden en De Falom. De kij sille Steatsboskbehear helpe by it behear fan de Houtwiel en de Falomsterleien. Troch de kij dêr frette te litten, ûntstiet der mear biodiversiteit, ferwachtet Steatsboskbehear.
It giet om achttjin Skotske heechlanners út it Lauwersmargebiet. Letter wurde ek noch sân Exmoorponnys út de Twizelermieden útset yn de Houtwiel. De kij en de ponnys passe goed byinoar, lit boskwachter Gjerryt Hoekstra wite. "In ko fret oars as in ponny." Hoekstra ferwachtet dat de heechlanners harren rêde sille mei de wietere stikken fan it gebiet, wylst de Exmoors mear oanlutsen wurde troch de drûgere krûderike gerslannen yn it gebiet.
De kij en de ponnys binne ek nuttich as it giet om de fersprieding fan plantesied, want dy nimme se mei yn harren hier. De kowedong en hynstefigen binne wer goed foar poddestuollen en ynsekten.
Foar besikers fan de Houtwiel jilde mei yngong fan moandei nije regels. Kuierders meie net mear harren hûn of ponny meinimme. Ek krijt elk it advys om net te ticht by de Skotske heechlanners te kommen. By de yngong fan it gebiet wurde warskôgingsbuorden pleatst mei de nije regels.