Underhanneler pulskfiskerij: "Totaalferbod net nedich"

Pulskfiskerij © ANP
In totaalferbod op pulskfiskerij is net nedich. Dat seit Europarlemintariër Gabriel Mato, dy't tongersdei Nederlânske fiskersplakken besocht hat. It Europeesk Parlemint hat healwei jannewaris stimd foar in ferbod op de pulskfiskerij. Dat betsjutte in flinke klap foar guon Fryske fiskers, dy't dit spesjale fisktúch op harren boaten hawwe.
Mato moat ynkoarten út namme fan it Europeesk Parlemint ûnderhannelje mei de Ried fan fiskerijministers oer it pulskfiskferbod. Omdat dêrby kompromissen sletten wurde moatte, tinkt er dat der úteinlik in minder strange maatregel komme sil.
By it pulskfisken wurde de fisken mei lytse elektryske skokjes fan de boaiem fan de see jage.