Brânwacht rydt út foar wenningbrân yn Snits

01 feb 2018 - 21:35

Yn in wenning oan de 3e Woudstrjitte yn Snits is tongersdeitejûn brân útbrutsen. De brânwacht krige de melding om tweintich foar njoggenen binnen en gie mei in tankautospuit en in heechwurker op de brân ôf. De bewenners wienen op dat stuit net thús. De brânwacht hie de brân frij gau ûnder kontrôle. It is noch net bekend hoe grut de materiële skea is.

Trefwurden: 
brân wenningbrân Snits
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)