Publyk trochstiet kjeld en rein by Waterlicht op Saailân

01 feb 2018 - 21:16

In pear tûzen minsken kamen tongersdeitejûn nei it Saailân yn Ljouwert om it 'fisuele dreamlânskip' Waterlicht fan keunstner Daan Roosegaarde te besjen. Mei ljocht, reek en wetter like it krekt dat der golven heech oer it Saailân rôlen. It minne waar, it wie wetterkâld en wiet, wie neffens Roosegaarde sels in grut foardiel, want mei reindrippen is Waterlicht noch moaier. De minsken dy't op it Saailân wienen, fûnen Waterlicht allegearre de muoite wurdich.

It keunstwurk Waterlicht is de ôftraap fan in hiele searje 'wetterevents' fan Wetterskip Fryslân, dy't dit jier organisearre wurde yn it ramt fan Kulturele Haadstêd Ljouwert-Fryslân. It wetterskip wol sa berikke dat de minsken har bewuster wurde fan it feit dat we op of ûnder seenivo libje en dat it wetter mear romte nedich hat by in hegere seespegel, mar ek pleatslik as it fûl reint.

It wetterskip is dwaande om mei 'wetter-stresstests' yn kaart te bringen oft de Fryske doarpen en stêden fûle reinbuien ek goed ferwurkje kinne. Dykgraaf Paul van Erkelens hâldt der rekken mei dat it ek yn Fryslân nedich wêze kin om op guon plakken 'wetterpleinen' yn te rjochtsjen foar it tydlik opheinen fan reinbuien.

Waterlicht is ek noch te sjen op freed- en sneontejûn fan healwei sânen oant alve oere jûns.

(advertinsje)