Plysje Noardwest-Fryslân warskôget foar 'travellers'

01 feb 2018 - 20:12

Noardwest-Fryslân moat oppasse foar saneamde 'travellers'. De plysje yn dy regio warskôget foar dizze groep minsken, dy't besiket fan doar ta doar op in faak agressive manier tsjinsten oan te bieden. It giet dan om bygelyks it skjinmeitsjen fan dakgoaten of it asfaltearjen fan it hiem. Dêrnei meitsje se harren skuldich oan ûnder oare dieverij, bedriging en oplichting. Sa dogge se harren wurk net goed en moat de klant folle mear betelje as ôfsprutsen is.

Dizze minsken wurde 'travellers' neamd, om't se gjin fêst wen- of ferbliuwplak ha. Neffens de plysje rydt de groep yn buskes mei in Ingelsk kenteken en prate se foaral Ingelsk mei in Iersk aksint. De plysje advisearret net mei dizze minsken yn see te gean en gelyk kontakt op te nimmen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)