Mislearre oerfal op Aldi yn Drachten, fertochte ferwûne

01 feb 2018 - 19:47

In man mei in mes hat tongersdei om healwei fiven besocht de Aldi oan de Leidyk yn Drachten te oerfallen. Neffens omstanners besocht hy mei it mes de kassa te iepenjen. De plysje ried mei seis ienheden út nei de winkel, mar koe de man dêr net mear fine. Nei in koarte sykaksje hold de plysje de fertochte oan yn De Bank, in strjitte tichteby de supermerk.

De man wie ferwûne rekke oan syn hân by de mislearre oerfal. Hy is foar kontrôle oerbrocht nei it sikehûs yn Drachten. De plysje en resjerzje ûndersykje it ynsidint. Mei in hûn is yn de omjouwing socht nei it mes, in griene sjaal en in tas of rêchsek fan de man. Oant no ta is der noch neat fûn. Minsken of bewenners yn de strjitten De Hage, de Petten en De Bank wurdt frege, om daliks de plysje te beljen as se de spullen fine. De minsken moatte der perfoarst net sels oankomme, sa seit in wurdfierder fan de plysje yn Drachten.

Trefwurden: 
oerfal Drachten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)