FIDEO: It DNA fan Ljouwert

01 feb 2018 - 19:07

Je kinne je dit jier yn Ljouwert hielendal ûnderdompelje litte yn allegearre talen. Startpunt fan dit alles is Obe, thúsbasis fan it Kulturele Haadstêdprojekt Lân fan taal. It gebou tsjinoer de Aldehou wurdt freed offisjeel iepene. Lân fan taal bestiet út in tal projekten en eveneminten oer taal. Ien dêrfan is it DNA-projekt. Siart Smit, direkteur fan Lân fan taal, fertelde tongersdei by Fryslân Hjoed oan de hân fan syn eigen DNA oer it projekt en it ferhaal dat him mei Ljouwert ferbynt.

(advertinsje)