PvdA Hearrenfean: "Diskriminaasje útstjoerburo's ûndersykje"

© ANP XTRA
De PvdA yn Hearrenfean wol dat útsocht wurdt oft útstjoerburo's yn de gemeente har ek skuldich meitsje oan diskriminaasje. De fraksje stelt der fragen oer oan boargemaster en wethâlders, nei oanlieding fan it telefyzjeprogramma Radar. Dêr wie te sjen dat hast de helte fan alle útstjoerburo's him lient foar diskriminaasje, as bedriuwen dêr om freegje.
De PvdA fynt dat ôfkomst, leeftiid of geslacht net útmeitsje moatte by in sollisitaasje. De fraksje wol witte wat de gemeente docht om diskriminaasje tsjin te gean en oft de gemeente ek klachten krijt. Bedriuwen dy't har der skuldich oan meitsje, moatte oanpakt wurde neffens de PvdA yn Hearrenfean.