Brânwacht makket eareteken

13 jun 2012 - 18:57

By 19 brânwachtkazernes yn Fryslân wurdt kommende sneon stilstien by brânwachtminsken dy't sûnt 1945 by har wurk om it libben kaam binne. By de kazernes sil oan it begjin fan de middei in eareteken makke wurde. Dat wurdt dien mei twa wetterstrielen, dêr't in bôge mei foarme wurdt.

De earetekens yn Fryslân meitsje diel út fan in lanlike betinkingsdei. Dêrby wurdt ek it Nasjonaal Brânwachtmonumint yn Arnhim ûntbleate. By dy byienkomst is ek regionaal kommandant Johan Postma fan Fryslân oanwêzich.

(advertinsje)