Fryske dielnimmers oan de Spelen: Sven Kramer

02 feb 2018 - 11:34

Oer in wike is it safier, de Olympyske Spelen yn Pyeongchang (Súd-Koreä). Fansels komt der ek in flink tal Friezen yn aksje by it reedriden en de shorttrack yn Gangneung. Mar wa binne dat, wat binne harren bêste prestaasjes by de Olympyske Spelen en wat binne de kânsen op in medalje?

Sportredakteuren Koos Wieling en Roelof de Vries dogge de kommende wike alle dagen in foarsizzing oer in Fryske Olympyske sporter. We begjinne mei it oardiel fan Koos Wieling oer Sven Kramer.

Namme:                                     Sven Kramer
Wenplak:                                    It Hearrenfean
Bertedei:                                    23-04-1986
Sport:                                         reedriden

Ofstannen yn Gangneung:        5000 meter,
                                                  10 kilometer,
​                                                  ploege-efterfolging, massastart

Olympyske medaljes:                2006 Turijn - 2e op de 5000 meter, 3e op de ploege-efterfolging
                                                  2010 Vancouver - 1e op de 5000 meter, 3e op de
​                                                  ploege-efterfolging
                                                  2014 Sotsji - 1e op de 5000 meter, 2e op de 10 kilometer, 1e op
                                                  de ploege-efterfolging

De kânsen fan Sven Kramer neffens sportredakteur Koos Wieling: 

"Trije kear 'goud' soe kinne foar de bêste allround reedrider fan de wrâld. Sven is njoggen kear Europeesk- en wrâldkampioen. De grutste winsk fan him is fansels it goud op de 10 kilometer. Yn Vancouver lei er op koers, mar doe kaam dy ferkearde wiksel. Yn Sotsji wie Jorrit Bergsma krekt wat better. It sil no wêze moatte!"

De Olympyske Spelen yn Pyeongchang begjinne op freed 9 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.  

(advertinsje)