Presintator Gurbe Douwstra ferlit Omrop Fryslân

Gurbe Douwstra © Omrop Fryslân
Radiopresintator Gurbe Douwstra giet fuort by Omrop Fryslân. Douwstra hat besletten om earder mei pensjoen te gean. Hy ferlit de omrop mei yngong fan 1 juny, Douwstra is dan 64 jier. "Ik kin my net mear fine yn de koers fan Omrop Fryslân, sawol as it giet om de programma's op radio en telefyzje, as ek om de wize fan lieding jaan. Dit fielt net mear as 'myn' omrop", ljochtet er syn beslút ta.
Douwstra wurket mear as 36 jier foar de Omrop as radiopresintator. Sûnt 1999 presintearret er Radio Froskepôle, in programma mei streektaalmuzyk. Dêr hat er hast 2500 ôfleveringen fan makke. Neist syn wurk foar Omrop Fryslân is Douwstra bekend as sjonger en trûbadoer. Sa stiet er al jierren op nûmer ien yn de Fryske top 100 mei it nûmer 'Cliffs of Moher'. Oare bekende nûmers fan de sjonger binne 'Lit jim gean, Friezen' en '35+'. Koartlyn wie Douwstra noch ien fan de artysten dy't meidie oan de Fryske Jûn yn de Ziggo Dome yn Amsterdam.
Haadredakteur Klaas Geert Bakker fan Omrop Fryslân hat respekt foar it beslút fan Douwstra, mar fynt it wol spitich. "Gurbe is in betûft presintator en syn fertsjinste foar de omrop, mar ek foar de streektaalmuzyk is grut."