F-16's oefenje mei bommen op Vliehors

01 feb 2018 - 16:33

De loftmacht oefenet oer oardel wike wer mei it smiten fan bommen op Flylân. F-16's traine mei it ôfsmiten fan 500-ponders mei eksplosive lading op de NAVO-oefenlokaasje de Vliehors. Dat bart moarns en middeis, útsein op freedtemiddei.

It oefenjen is fan grut belang, seit Definsje, foaral mei it each op de militêre missys dêr't Nederlân oan mei docht. Nederlânske jachtfleantugen helpe op dit stuit grûntroepen, dy't yn Irak en Syrië terreurorganisaasje IS bestride.

Trefwurden: 
F-16 bom Vliehors Flylân
(advertinsje)