Projekt mei elektryske auto's op Skylge mislearre

01 feb 2018 - 16:32

It bedriuw WattCar dat op Skylge elektryske auto's ferhiert hâldt nei trije jier op te bestean. Minsken op it eilân koene sa'n auto fia in app of in sms hiere. As se dan te plak wiene koe in oar him wer brûke. De besettingsgraad fan de 39 auto's wie lykwols te leech, sa lit WattCar witte. No is it bedriuw by in punt kaam dat se twongen wurde fuortendaliks it bedriuw stop te setten. Der wurdt ûndersocht oft der in alternatyf komme kin.

Inisjatyfnimmer fan it projekt is Hans Werner. Hy hie by oanfang hege ferwachtingen. Ut in ûndersyk hie bliken dien dat 17 persint fan de eilanners de eigen auto ferkeapje woe as de elektryske auto's der komme soene. It úteinlike doel wie om 100 elektryske auto's op Skylge ride te litten.
 

(advertinsje)