B en W yn De Fryske Marren foar in natuerbegraafplak

01 feb 2018 - 16:16

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders yn de gemeente De Fryske Marren is akkoart mei de plannen foar in natuerbegraafplak bij Rûgehuzen. Der hat lang ferset tsjin west, oant in saak by de Ried fan Steat oan ta. Mar dy hat koartlyn de beswieren fan de Stichting Gaasterlân Natuerlân ôfwiisd.

Boargemaster en wethâlders stelle wol in maksimum oan de hichte fan de lykkisten dy't de grûn yn gean. Dy meie net heger wêze as fjirtich sintimeter. De gemeenteried moat him no oer it foarstel foar it natuerbegraafplak bûge.

(advertinsje)