Mooglik noch jierrenlang út it rút hingje foar mobyl berik

01 feb 2018 - 16:13

It kin noch wolris jierren duorje foar't ynwenners fan Weststellingwerf op in fatsoenlike wize belje kinne mei harren mobile telefoan. Om't providers de stjoermêsten, dêr't dat telefoanferkear del rint net diele wolle, moat der somtiden út dakruten hongen wurde om dochs mar ferbining te krijen. Mar somtiden slagget it ek hielendal net. Woansdeitejûn wie der in gearkomste fan it Agentschap Telecom dêr't oer it probleem praat waard.

Sa'n 50 minsken kamen op de gearkomste ôf. Dy krigen dêr de útkomsten fan in ûndersyk nei it beljen fan 112 presintearre. Ut it ûndersyk docht bliken dat dit mei de mobile telefoan yn Weststellingwerf wol kin. Dat komt om't by dizze petearen providers harren stjoermêsten wol diele. By gewoane petearen bart dat net.

In oplossing foar dit probleem is der noch net. Pleatslike Belangen besykje mei de gemeente de sitewaasje te ferbetterjen, mar de ferwachting is dat dit noch wol in pear jier duorje sil.
 

Trefwurden: 
mobyl berik tillefoan
(advertinsje)