Frou fan Van Seggeren bliuwt langer fêstsitten

01 feb 2018 - 15:44

De frou fan Tjeerd van Seggeren út Kollumersweach, dy't fertocht wurdt fan belutsenheid by syn dea, bliuwt noch sechstich dagen langer fêstsitten. Dat hat de rjochtbank tongersdei bepaald. De frou waard ein desimber oppakt omdat se in rol spile hawwe soe by de dea fan har man. Tjeerd fan Seggeren waard july ferline jier dea fûn yn in stik greide by De Westereen, nei't er dêr nei in festival west hie. Hy wie slim ferwûne oan syn holle. Syn frou ûntkent dat se wat mei de saak te krijen hat.
 

(advertinsje)