Petearen oer nije cao ûnderwiis, mar staking giet troch

01 feb 2018 - 15:13

De fakbûnen en de wurkjouwers yn it basisûnderwiis prate sûnt tongersdei oer in nije cao. Dochs giet de staking, dy't foar 14 febrewaris pland is, troch yn it Noarden. Neffens de aksjefierende ûnderwizers docht it kabinet te min oan de problemen yn it ûnderwiis. It giet dan om de hege wurkdruk en de lege leanen, wêrtroch't der te min minsken kieze foar in baan yn it ûnderwiis.

Njonken de staking yn it Noarden wurdt der in moanne letter staakt yn Noard-Hollân, Flevolân en Utrecht.

Trefwurden: 
CAO ûnderwiis staking
(advertinsje)