Plannen foar in wetterryk Feanetië

01 feb 2018 - 14:57

It Hearrenfean moat syn âlde wetterwegen weromkrije en sa it "Venetië fan Fryslân" wurde. Dat is it doel fan de wurkgroep Feanetië. Troch it wetter wer in prominintere rol te jaan yn it doarp, soene der mear minsken nei It Hearrenfean komme moatte. Allinnich sa is de middenstân te rêden, sa tinkt de wurkgroep.

Se binne no goed in jier mei de plannen dwaande en binne no safier dat se eins wol los wolle. De gemeenteried fan It Hearrenfean is posityf, mar der moat noch wol flink wat jild op it kleed komme. Yn totaal wurde de kosten rûsd op 20 miljoen euro. Dat jild soe ûnder oaren fan kommersjele partijen komme moatte. 
 

Trefwurden: 
Feanetië wetter Hearrenfean
(advertinsje)