Slachtekaarten te keap oanbean

13 jun 2012 - 17:13

Kaarten foar de Slachte op sneon wurde op grutte skaal op ynternet oanbean wylst de 13.500 startbewizen al moannen yn 't foar útferkocht wiene. It giet foaral om kaarten fan minsken dy't noch in betidere startkaart bemachtige ha en no de oare kaart kwyt wolle. Mar ek it waar en te min traind spylje in rol.

Neffens de organisaasje is it tal te keap oanbeane kaarten net mear as de oare kearen. Der wurdt drok wurke oan de lêste saken by de finish by Easterbierrum.

Trefwurden: 
Slachtemaraton
(advertinsje)