Utslach VMBO-eksamens falt ta

13 jun 2012 - 16:56

De strangere eineksamenregels ha by de kristlike VMBO-skoallen yn Fryslân minder slachtoffers makke as ferwachte. Dat seit de oerkoepeljende organisaasje Fricolore. Neffens de nije regels moatte learlingen ûnder oare gemiddeld in 5,5 helje op it sintraal eineksamen. Fricolore hie der rekken mei hâlden dat sa'n 15 prosint ekstra it net helje soe, dat is sa'n 4 prosint wurden. Wol ferskilt it byld bot per skoalle. Tongersdei krije HAVO- en VWO-learlingen útslach. Fricolore ferwachtet dan foar syn skoallen in selde byld as by it VMBO.

Trefwurden: 
VMBO eksamen
(advertinsje)