VDL bout bussen foar Finlân

13 jun 2012 - 16:01

Bussebouwer VDL hat in grutte oarder út Finlân krigen. Foar Veolia Transport moatte 48 bussen boud wurde dy't yn de haadstêd Helsinki ride sille. De bussen wurde foar in part boud by de festiging op It Hearrenfean en foar in part yn it Belgyske Roeselare.

By de bou moat rekken hâlden wurde mei de grutte klimaatferskillen yn Finlân, dy rinne tusken min tritich en plus tritich graden. De bussen moatte ein dit jier klear wêze.

Trefwurden: 
VDL
(advertinsje)