Soad animo besikerssintrum

13 jun 2012 - 15:49

It besikerssintrum fan it Woudagemaal op 'e Lemmer hat woansdei de 25.000ste besiker wolkom hiten. It giet om de hear Van Streek út Elburg. Ut hannen fan de sjef-masinist fan it gemaal krige er in oantinken. It besikerssintrum is oktober ferline jier iepene.

Sa'n 80 frijwilligers fersoargje rûnliedings troch it gemaal. Dat stiet sûnt 1998 op de Wrâlderfgoedlist, as grutste noch wurkjende gemaal op 'e wrâld.

(advertinsje)