Epke en Céline wis fan Spelen

De turners Epke Zonderland en Céline van Gerner binne woansdei troch har bûn offisjeel foardroegen foar dielname oan de Olympyske Spelen yn Londen. De oanmelding fan Zonderland is gjin grutte ferrassing, om't syn konkurrint Jeffrey Wammes ferline wike ôfheakke mei in blessuere. Céline van Gerner hat fan it bûn de foarkar krigen boppe Wyomi Masela, wylst dy lêste yn febrewaris al foardroegen waard troch it bûn. Van Gerner focht dat mei sukses oan by de rjochter en krijt no, fanwege har prestaasjes yn Maribor en Gent, de foarkar.