Ganees Amoah by SC Hearrenfean

13 jun 2012 - 15:21

Matthew Amoah spilet takom seizoen foar Sportklup Hearrenfean. Amoah (31) hat woansdei in kontrakt foar in jier tekene. De sintrumspits út Gana spile it ôfrûne jier foar de Turkse klup Mersin Idman Yurdu. Matthew Amoah is gjin ûnbekende yn Nederlân. Hy kaam earder acht jier út foar Vitesse. Yn de 174 wedstriden dy't er dêr spile, skoarde Amoah 62 goals. Amoah spile de lêste jierren ek noch foar Borussia Dortmund en NAC Breda. Hy hat 42 ynterlâns foar Gana spile.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean Amoah
(advertinsje)