Petysje tsjin ljipaaisykjen
De Partij voor de Dieren hat deputearre Johannes Kramer woansdei in petysje oanbean tsjin it ljipaaisykjen. De deputearre krige ek in skilderij fan jonge ljipkes. De provinsje behannelet de nota Natuer. Neffens de dierepartij is provinsjaal natuerbelied fan krusiaal belang foar it behâld fan greidefûgels.