App leart bern trije talen

13 jun 2012 - 14:29

Foar trijetalige skoallen is woansdei in app lansearre. Learlingen fan de ûnderbou leare sa op boartlike wize earste wurdsjes yn it Frysk, Nederlânsk en Ingelsk. Fan 50 wurden is in tekening te sjen en troch op in flachje te klikken is it wurd yn de trije talen te hearren.

De app is betocht troch Taalsintrum Frysk fan Cedin en makke by Mediaheads fan It Hearrenfean. Apps foar de hegere groepen komme letter.

Trefwurden: 
app trijetalige skoalle
(advertinsje)
(advertinsje)