Lichem is fan fermiste Dútser

13 jun 2012 - 14:03

It lichem dat de plysje tiisdeitejûn yn de jachthaven fan Warkum fûn hat, is fan de fermiste Dútske toerist. Dat hat de plysje befestige. Famyljeleden hawwe de man identifisearre. De 58-jierrige man is snein foar it lêst sjoen op syn boat. Dêrnei is neat mear fan de man fernaam. De plysje tinkt dat de man yn it wetter fallen is, wêrnei't er mei troch it kâlde wetter ferdronken is. De plysje slút in misdriuw út.

Trefwurden: 
plysje fermist Warkum
(advertinsje)