Moss spilet op Freeze Festival

13 jun 2012 - 13:46

Moss, DeWolff en Drive Like Maria binne de haadacts op Freeze dit jier. De sechtjinde edysje fan dit festival is sneon 22 septimber yn De Harmonie yn Ljouwert. Der steane al mear as fjirtich nammen op it program. Der komme noch sa'n 20 nammen by. It festival biedt in oersjoch fan Fryske bands lykas De Hûnekop en de winner fan de Kleine Prijs, Yellowhouse 21. Op it festival is ek romte foar spesjale crossoverprojekten mei oare keunstfoarmen, lykas film, fotografy en teater. Ferline jier wie it festival foar it earst útferkocht.

Trefwurden: 
Freeze Festival
(advertinsje)