Fryske Oranjefans yn Charkov

13 jun 2012 - 12:53

Nederlân spilet woansdeitejûn in wichtige wedstriid op it EK fuotbaljen tsjin Dútslân. It Nederlânsk alvetal mei perfoarst net ferlieze. In soad Oranjefans binne ôfreizge nei Oekraïne om by de wedstriid te wêzen. Se ferbliuwe yn Charkov yn studinteflats en op campings. Ferskillende nasjonaliteiten bewenje tydlik de stêd. Der binne ek in soad Friezen dy kant útgien om de wedstriden fan Oranje te folgjen, lykas Jelmer Elting út Frjentsjer. De omstannichheden yn de akkommodaasjes binne net altyd hiel goed, mar de sfear yn de stêd is prima.

Trefwurden: 
Oranje EK fuotbal
(advertinsje)
(advertinsje)