VVD tsjin ferheging opsinten

De provinsjale opsinten, dy't ekstra komme boppe-op de motorrydtugebelesting, hoege net omheech. Dat fynt de steatefraksje fan de VVD. Der is earder besletten om de opsinten de kommende jierren te ferheegjen, sadat dat jild foar de Sintrale As en de N381 brûkt wurde kin. Mar yn de finansjele plannen foar takom jier wolle Deputearre Steaten it jild foar de spoarline tusken It Hearrenfean en Grins dêrfoar brûke, no't dat projekt net trochgiet. It ekstra jild fan de opsinten, kin brûkt wurde om besunigingen fan 13 miljoen op ferkear yn te foljen.