Undersyk nei haven Terherne

13 jun 2012 - 12:31

Der komt dochs in ûndersyk nei de lege prizen dêr't de grûn foar de Klassieke Schepenhaven yn Terherne foar ferkocht is. Der hat al in oar ûndersyk west. Dêr kaam út dat der gjin belangeferstringeling wie tusken de gemeentebestjoerders en projektûntwikkelders. Neffens de riedsfraksjes fan GB2000, VVD en FNP is de saak noch net ferheldere.

Yn it nije ûndersyk moat ek besjoen wurde oft de ried yn dy tiid wol goed ynformearre is.

Trefwurden: 
Terherne
(advertinsje)