Mullum wer feilich

13 jun 2012 - 12:11

De Harnzerstrjitwei yn Mullum is woansdei feestlik iepene. De dyk wie gefaarlik om't bestjoerders faak te hurd rieden en bern net feilich oerstekke koenen. Der mei 30 kilometer yn de oere riden wurde. De bewenners ha neitocht oer in oplossing. Dy is fûn troch de dyk smeller te meitsjen en krusingen oan te passen. Ek is in plein oanlein en sa is it doarpskarakter werom yn Mullum. De werynrjochting koste 500.000 euro. Sawat de helte is troch de provinsje betelle.

Trefwurden: 
Mullum
(advertinsje)