Hynder út sleat rêden

© Foto Anton Kappers
De brânwacht hat woansdeitemoarn in hynder rêden. It bist wie yn in sleat bedarre by de yngong fan de Ljouwerter fleanbasis. In tal militêren hat de brânwacht holpen. Mei in bân waard it bist út it wetter holpen, mar dat mislearre en it hynder glied werom. Mei in feetakel is it lang om let slagge om it bist op de wâl te krijen.
It hynder wie wurch, mar liek neat te mankearjen.