Nije natuer docht it goed

13 jun 2012 - 11:42

De nije natoer op it westlik part fan natoergebiet it Eilân by Goaiïngahuzen docht it goed. Dat seit behearder it Fryske Gea. It stik yn nasjonaal park de Alde Feanen is oardel jier lyn as sompe ynrjochte. No al briedt der in reiddomp en sitte der porseleinhoenen.

Ek it al wat langer as greidefûgelgebiet ynrjochte eastlik part fan it Eilân docht it goed. It tal briedende greidefûgels is dêr flink omheech gong. Der sitte ek spesjale einesoarten. Der binne in soad jonge fûgels. Dat part gebiet wurdt beheard troch it Gea en partikulieren.

Trefwurden: 
natuer greidefûgel
(advertinsje)