Bestjoerder mei drugs pakt

e_dolphins
In trio is tiisdeitenacht oanhâlden yn ferbân mei drugs. Tsjûgen melden dat in auto slingerjend oer de N381 by Oerterpvallaat ried. Doe't de plysje de auto oanhâlde, die bliken dat de bestjoerder (30) ûnder ynfloed wie. De Ljouwerter hie gjin jildich rydbewiis en de auto wie ûnfersekere. Yn de klean fan de man sieten lytse pakketsjes harddrugs. Hy is meinaam nei buro. Ek de oare twa ynsittenden fan de auto hiene drugs by har. De frou (29) út Easterwâlde en de Ljouwerter (44) binne meinaam nei it buro.