Ynbrekkers nei 3 jier pakt

13 jun 2012 - 10:24

Twa mannen (35 en 44) út Easterwâlde binne oanhâlden foar in ynbraak yn 2009. De plysje krige yn febrewaris ynformaasje dat de mannen ynbrutsen hiene. Yn maart 2009 binne se in hûs yn de Vaart-Westzijde yn Donkerbroek ynkaam nei't se in rút stikken slein hiene. Doe't se binnen wiene, kamen se der achter dat de bewenner thús wie. Se naaiden sûnder buit út. No trije jier letter binne de twa fertochten oanhâlden. De âldste sit noch fêst. Hy wurdt derfan fertocht meardere kearen ynbrutsen te hawwen yn Easterwâlde en omkriten.

Trefwurden: 
plysje ynbraak Easterwâlde
(advertinsje)