Jonge op fyts oanriden

13 jun 2012 - 10:12

In jonge fan 11 jier út Bûtenpost is tiisdeitemiddei yn syn wenplak ferwûne rekke. Hy siet op de fyts en stuts It West oer doe't er oanriden waard troch in auto. De automobilist (26) komt út Ie.

It slachtoffer is mei ferwûnings oan de skonk en holle oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
ûngelok plysje
(advertinsje)