Man twa kear oanhâlden

13 jun 2012 - 10:08

In ynwenner (32) fan Minnertsgea is tiisdeitejûn twa kear oanhâlden troch de plysje. Om sân oere feroarsake de man oerlêst oan de Nieuweweg yn Ljouwert, de plysje frege him in tal kearen om fuort te gean, mar dat die er net. Hy waard oanhâlden op fertinking fan iepenbiere dronkenskip. Nei't er op it buro heard wie en der in proses ferbaal opmakke wie koe er wer gean. Doe't de man thús kaam, mishannele er syn freondinne (31) út Ljouwert. Ek fernielde hy guod yn it hûs en makke in keukenrút stikken. Se belle de plysje. Dy hat de man ynsluten.

Trefwurden: 
Ljouwert plysje
(advertinsje)