Keatsprimeur yn Damwâld

12 jun 2012 - 22:10

De keatsferiening Nut en Nocht yn Damwâld hie tiisdei in unike keatsprimeur. De top fan de froulike en manlike haadklassekeatser stapten it perk yn om it tsjinelkoar op te nimmen. Gewoan pearkekeatsen sa as dat yn alle doarpen bart, mar dan wol mei de créme de la créme fan de keatswrâld.

De wedstriid is troch de KNKB offisjeel opnaam yn it wedstriidskema. It evenemint is ûnderdiel fan de Sportwike fan Ikkerwâld. De partij is wûn troch it partoer Leonie van der Graaf en Jan Dirk de Groot.

Trefwurden: 
sport Damwâld keatsen
(advertinsje)