Lichem fûn yn jachthaven

12 jun 2012 - 21:32

De plysje hat tiisdeitejûn in lichem fûn yn de jachthaven fan Warkum. Mooglik giet it om de fermiste Dútse toerist. De man is snein foar it lêst sjoen op syn boat. Dêrnei is neat mear fan him fernaam.

De plysje hat tiisdei de hiele dei mei sonarapparatuer oan it sykjen west. It slachtoffer moat noch identifisearre wurde.

(advertinsje)